Log In
Register

Aldgillissoan Full Album Lyrics

Baldrs Draumar - Aldgillissoan cover art
Band
Album

Aldgillissoan

(2015)
TypeAlbum (Studio full-length)
GenresViking Metal, Melodic Death Metal
Album rating :  –
Votes :  0
Lyrics > B > Baldrs Draumar Lyrics (13) > Aldgillissoan Lyrics (10)
Submitted by level 21 록스타 (2017-10-07)
1. Iselhiem (1:24)
2. Koppen yn 'e mist (4:29)
Út ‘e dize ferskine de koppen
Fan bisten tuorrich en wreed
Wylde draken ferskuorre de loften
In fjurrige glâns oer de see himelsbreed

Hoarnen klinke oer it wetter
Galmjend op spoekêftige toan
It earste teken, út ‘e fierte
Kening en soan komme der oan
Koppen yn ’e mist!

It bloed begjint te jeien, de azem stekt my yn ‘e kiel
By de mêst riist in skym op, kromstjûnige skippen komme op ús ta
Foarst fan de Friezen, bloed fan ús bloed
Strider der striders bring ús dyn soan, bring him ús hjoed

Har spearen djip yn de ierde
Fredich fûstkjend mei de wapenhân
Gjin slachark sil hjoed deaden rispje
Fryske krigers stjitte de hoarn

Koppen yn’e mist!
3. Wolvetiid (6:12)
In jonkje wurdt in strider, Rêdbâd’s tiid brekt oan
De learling ferslacht syn master hy fjochtet mei ferstân
In strider is der wurden, syn swurd slacht nea mear mis
Hy sil syn folk goed liede, as er letter kening is

Hûnen en wriggerts stoarmje de seal rûch yn
Itensreau en banken saaie oer de flier
It bloed befriest en stjurret my yn de ieren
Dreamen oer de wolvetiid wurde wier

RÊDBÂD!

Keningssoan yn ‘e wolvetiid
Gjin bern mear mar klear om te fjochtsjen
Dit is foar ús eare, en ús heitelân
Myn swurd is myn maat, de striid is myn paad

Refrein

Ferbjustere rin ik op ‘e beammen ta
De woestelingen ride foarop
Ûnder de tsjoen fan Wêda binne hja
Mei in tichte sek oer myn kop

Wolvetiid! Liken yn ‘e beam
Wolvetiid! Wurklikheid as dream
Wolvetiid! Hast klear foar de troan
Wolvetiid! Foar de keningssoan

Rinne mei de wolven, jeie troch bosk en fjild
Fjochtsje mei de swinen, sline fan it wyld
Krêftich as in wolvesoan yn ‘e wolvetiid
Fjochtsje wy as wolvebruorren ús eigen wolvestriid
RÊDBÂD!
Refrein

Wolvetiid! Strûpe om ‘e strôt
Wolvetiid!Hingjend yn it wâld
Wolvetiid! Folger komt foar my
Wolvetiid! Ieneach makket fri
4. Fredou (4:42)
In Goadefrou sil ik ha, in dochter fan Nertha
Sy laket my ta, dy dochter fan Nertha

In goadefrou glimkjend fan fjoer
Moaier as ’t ljocht, as de natuer
Sa’t wêze moat sil barre
tsjin ‘e stream yn farre

Wy sil farre
Folgjend de Noardstjer
fan ‘e leafde
De tsjustere nacht yn
Refrein

De boarne fan ús striid
leit yn ‘e wolvetiid
Doe woedest do my ha
Faam fan Nertha

It swiet fan ‘e leafde preaun
Mei bloed yn myn siel skreaun
Dêr ûnder de Ostremaan
Lietst do my alles dwaan

Ik longerje nei dyn liif
en meitsje fan dy myn wiif
Ik sil dy wis wer ha
Faam fan Nertha

Dyn eagen stoarje kjel
Myn fingers yn dyn fel
Ik betwing dy mei ien hân
En taast dy gleon en dwyl oan
5. Yn 'e meahal (5:03)
Werom komt út it Denelân,
Rêdbâd kening In sterke bân
smeiend tusken twa grutte folken
Friezen en Denen hân yn hân

Hadagrim en Rêdbâd!Yn ‘e Meahal

De harpe waard poend, de skald song dy jûn
Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter
Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd
En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter

Sterk en machtich is it Denefolk
De sibbe fan Snoade Henrik wol
ús leare te fjochtsjen as wylde swinen
en poddestuollen foar de striid te slinen

Hadagrim en Rêdbâd Yn ‘e Meahal

De harpe waard poend, de skald song dy jûn
Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter
Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd
En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter

Bloed spat yn it rûn
It streamt oer de grûn
Foarop yn ‘e striid
Har dieden binne swiid
Mei’t swurd yn ‘e hân
Foar Fryslân
Ik spjalt har de kop
wylst ik rop: foar Fryslân

Bors de reus is geef en grut
en fjochtet mei in untsachlik swurd
Mar sûnder eangst rint Rêdbâd op him ta
en ferslacht de reus, foar Wêda!

Hadagrim en Rêdbâd
6. In skym yn it tsjuster (4:52)
De skimer ferrint yn tsjuster
Sille giet de stins al yn mei it bier
It momint is dêr, yn it tsjuster sil er slûpe
Hadagrim syn taak is swier

Fryslân hat ferlet fan in nije kening
Aldgillis, dyn tiid hat west
Gean it libben út, âlde strampel
Do bist ús no ta lêst

In skym yn it tsjuster

Mei it knyft en de krûden yn syn hannen
Komt er by de kanne en flústert ‘tsjoch’
Dwyl, yn ‘t swit mar grutsk op syn die
Want Aldgillis komt de nacht net troch

Drink Aldgillis

Dyn lêste slok, dyn lêste kear
Dyn lêste azem en dan bist net mear
De Walkearigen nimme dy mei
En yn it Walhalla dêr bisto frij

Yn de dea bisto mei ús besibbe
Dyn bruorren, dyn susters, dyn folk!
In skym yn it tsjuster
7. Keningsting (3:55)
It is hjerstwaar yn ‘e wrâld en de dagen wurde skier
Mar minsken jong en âld komme nei de beam fan fier

Asega is it tingtiid? De tiid is kaam om te kiezen
Sa is it! Fryslân’s soannen it ting sil jim in kening jaan
Rûn tûzen fjurren wurdt sprutsen oer moarn,
Oer de nije kening Aldgillissoan

Wêda’s segen sil der ha, oan him sil ik in offer bringe
Mei it knyft djip yn myn fleis dript it bloed my oer de fingers
Kervjend yn myn eigen boarst sil ik help oan ieneach freegje
Om te bringen op it skyld de man dy’t eare en rykdom takomt

Oanfurdigje myn offer!
Stean ús by!
Oanfurdigje myn offer!
Stean ús by!

Mei goadefroulju praat er en mei Nertha op syn hân
Sil oer de lannen hearskje, Aldgillissoan

Dan wurdt it stil
Oant de Asega ropt:

Folk fan Fryslân, soannen fan Inguz,
Harkje nei wat ik sis
Op it skyld sil heven wurde
De man dy’t troch ús útkard is
8. By ty en thuner (3:58)
Glânzjend stiel, smeid yn ‘e twiljocht fan ‘e tiid
In swurd mei namme, wiid en swiid ferneamd
Asbrân Frankenkleauwer, toarstich nei de striid
In reade glâns, it gânse fjild is mei Frankenbloed oerstreamd

Ik swar jim, mei dit stiel behâld ik Fryske grûn
Ty en Thuner!
Myn swurd stel ik yn tsjinst fan ‘e Goaden,
Ty en Thuner!

Fryslân easket syn rjocht op mei slachark yn ‘e hân
De ferdigener fan it Fryske folk en ús âldfaars lân,
Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft
Ravens bin rûnom him en folgje yn ‘e loft

It blêd skynt read yn it ljocht fan ‘e ûndergeande sinne
It heft is waarm en berûn mei de fijans triennen
Asbrân machtich wapen, tsjinstfeint fan ‘e Goaden
Ty en Thuner, Nertha en Wêda, jim bin ús ta geunst

Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft
Ty en Thuner
Ravens bin rûnom him en folgje yn ‘e loft
Ty en Thuner
Asbrân toarstich nei de striid
Ty en Thuner
9. Hel as himmel (0:27)
10. Stoarm oer de streamen (4:04)
De Franken kinne ús net keare
Oer de Flymar komme wy
Farrend oer it wylde wetter
Bringe wy stoarm oer de streamen

Stoarm oer de streamen
Tongerslach by heldere loft

In kriger fjochstjend foar âldfaars eare
Moardzjend foar frije fryske grûn
Wêda sjocht grutsk ta út syn hallen
Dêr’t Friezen moetsje nei de dea

Stoarm oer de streamen
Tongerslach by heldere loft

Franken stjerrend op ‘e fjilden
Walkerige foar ús lêste tocht

Want eltsenien sil stjerre dy’t ‘e Fries wjerhâlde sil
Wy binne leaver dea as slaef, net ien krijt ús folk stil

Foet foar foet nei foarren
‘t skyld fêst yn ‘e hân en it swurd heech foar ús lân
Slach foar slach nei foarren
Stekkend yn it rûn Franken razend op ‘e grûn

Each yn each stean mei de fijân
Sjen yn’t antlit fan de dea
Hjitte azem yn ‘e nekke
De tafels fan Asgaard steane klear
11. Ûnder it skyld (8:30)
Hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde
Syn namme waard bejúbele fier yn it rûn
Skalden sille sjonge oer syn grutte dieden
En fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn
Tusken goaden en kening, heiten en soannen
Eltsenien dy’t grutsk is en Fries yn it hert
Seeën en greiden, bosken en strannen
Op ús Fryske boaiem bin wy yn ús ferset

Koppen hat er tegrúze
Folken hat er op ‘e knibbels twongen
Frjemdfolk wist er te kearen
Syn namme is ferneamd en syn dieden besongen

Syn fjoer baant yn ús hert
En yn jim allen lang om let
Syn krêft yn’t libben en de dea
Ferlit ús tinzen nimmer mear

Rêdbâd Aldgillissoan
Leit no bedobbe en ûnder ’t skyld
Rêdbâd Aldgillissoan
Yn ús hert en yn ús siel

Do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn
It libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern

Ik sis Rêdbâd mei hân op myn hert
Rêdbâd, myn kening, oant ‘e dei dat ik stjer
12. Hadagrims fertriet (5:37)
Ik bin Hadagrim, soan fan Egisgar
Do bist Rêdbâd, soan fan Aldgillis kening
Do, bist myn stalke

In lang libben, it is my jûn
Mar it lêste skoft bin ik oan fertriet ferbûn
In soad ferlern, myn freon en wiif
En stadichoan nim ik ôfskie fan myn liif
En by jûntiid sjoch ik him al stean
Ik fiel syn hân op myn skouder, kin him ferstean
Hy komt my heljen, mar noch ien ding moat ik dwan
It ferhaal fan kening Rêdbâd oan eltsenien trochjaan

Besit stjert en sibben stjerre
Dosels stjerst as harren
Mar ien ding wit ik, dat ivich libbet
De helderom fan ‘e deade

Hy hie de wiisheid, hy hie it ferstân
En wie de kening fan ús moaie Fryske lân
Soan fan Aldgillis, no ûnder ‘t skyld
Wie wiis as kening, en yn de striid sa wyld
En dy namme sil nea fergean
Want yn eltse Fries, sil in stik fan dy bestean
En tûzen jier letter, sille se noch roppe
Heil oan kening Rêdbâd, Fryslân boppe!

Refrein

Dit wie it ferhaal fan de kening, ik ha it skreaun
Myn namme is Raven, my jûn troch myn bloedfreon
En no’t ik dit folbrocht ha, Wêda nim my mei
Bring my gau nei myn freonen, want dan pas bin ik frij
Info / Statistics
Artists : 34,238
Reviews : 7,823
Albums : 121,882
Lyrics : 149,338