Log In
Register

Soannen Fan Inguz Lyrics

Baldrs Draumar - Noardseegermanen
Band
Album

Noardseegermanen

(2010)
TypeEP
GenresFolk Metal, Viking Metal
LabelsIndependent
Album rating : 
Votes :  0
3. Soannen Fan Inguz (4:02)
Krij no jim hoarnen op en set se oan de strôt
It bier sil floeie eltse dei
De wylde weagen boartsje mei ús grut skip
't Skom yn it burd en drinke sil wy

Drink! [Heu!]
Drink mei ûs mei!

Skerpje jim saks, jim bile en jim grut swurd
Elkenien sil it bestjerre fuortoan
Woeste krigers fan 'e tongergod
Hjir kom de Noardseegermaan

Fjochtsje! [Heu!]
Fjochtsje sil wy!

Chorus:
In wyld, grut burd en sterke earmen
It wurk yn d' ierde en frijheid op see
Readblond hier en blauwe eagen
Soannen van Inguz en dochters van Frea
It griene gers, de ynwylde baren
En yn de fierte de hoarizon
It Fryske lân, de Fryske froulju
Der hâlde wy Germanen wol fan

Wy woarmje ús by fûle fjurren
Dy't wy stoke fan 't bêste hout
En drinke der fan 't skomjend goudgiel focht
It godlike guod waard hjir by ûs broud

Drink! [Heu!]
Drink mei ûs mei!

Mei de dronk yn de kop stoart ik my in de striid
Fjochtsjend fol haat en fan razernij
Wij frije Friezen sille nea knibbelje
Noardseegermanen bin ivich frij

Fjochtsje! [Heu!]
Fjochtsje sil wy!

Deadsje! [Heu!]
Deadsje sil wy!

Chorus

Mei de goaden oan ús side
Fjochtsje wy en raze wy lûd
Nea sille wy ferlieze
De Noardseegermanen slagje ek hjoed

Wy drinke dan it bloed út har skedels
Dreame oer it grutsk Walhalla
Sjonge lieten foar ús goaden
En gean dan nei de skippen ta

Oer de see en troch de tonger
D'r is neat mear dat ús tsjinhâld
We gean fierder my ús stribjen
It oernimmen fan de wrâld

Wy gean dan fierder my ús libben
It libben dat ús it bêste leit
Wy laitsje en drinke dan mei elkoar

Soannen fan Inguz, ús heit!
Share on Facebook
Share on Twitter
Added by level 21 차무결
Baldrs Draumar - Noardseegermanen
Noardseegermanen - Lyrics
2.  Eala Freya Fresena Lyrics▶   3.  Soannen Fan Inguz Lyrics
Info / Statistics
Artists : 46,089
Reviews : 10,026
Albums : 165,359
Lyrics : 216,849