Log In
Register

Eala Freya Fresena Lyrics

Baldrs Draumar - Noardseegermanen
Band
Album

Noardseegermanen

(2010)
TypeEP
GenresFolk Metal, Viking Metal
LabelsIndependent
Album rating : 
Votes :  0
2. Eala Freya Fresena (5:55)
Stea op frije Friezen en hifkje de hoarn
Fjochtsje sille wy, foar ús frije Fryske lân
Stoart jim no mei swurd en mei skyld yn'e striid
En raas tsjin jim fijân dit krêftige liet

Chorus:
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen
Oerâlde, leave Fryske grûn
Nea woard dy fêste, taaie bân ferbrutsen
Dy't frije Friezen oan har lân ferbûn

Harren bloed sil floeie, de see kleuret read
Ús hater sil bidde om syn eigen dea
Dus stea op en lit witte, fier yn it rûn
Dot er mar ien de baas is op frije Fryske grûn

Chorus

Eala freya fresena
Hjir bin wy de baas
Eala freya fresena
Stea no op en raas
Eala freya fresena
Ik jou jim myn wurd
Eala freya fresena
Frijheid troch bile, spear en swurd

Morth motma mith morte kela!

Fjochtsje foar jim âlden, frijheid, fee en freon
Nimmer sil wy reste sa't it Fryske rjocht beskreaun
Morth motma mith morte kela is ús heechste wet
Bloed mei bloed ferjilde, ierder sliepe wy net

Chorus

Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grun
Share on Facebook
Share on Twitter
Added by level 21 차무결
Baldrs Draumar - Noardseegermanen
Noardseegermanen - Lyrics
▶   2.  Eala Freya Fresena Lyrics3.  Soannen Fan Inguz Lyrics
Info / Statistics
Artists : 46,057
Reviews : 10,022
Albums : 165,260
Lyrics : 216,786